Undersyk deade Gerkeskleaster

© Omrop Fryslân
De plysje docht ûndersyk nei de dea fan in man yn Gerkeskleaster. Hy waard tongersdeitemoarn yn syn wente dea oantroffen. In 23-jierrige ynwenster fan Bûtenpost wie ek yn de wente. Sy is oanhâlden troch de plysje.
De plysje kin net útslute dat de man mei geweld om it libben brocht is, sadwaande it ûndersyk. Fuortendaliks nei de fynst fan it lichem hat de plysje tsien resjerzjeurs op de saak set.