Lodewijk Meeter ferstoarn

02 nov 2006 - 12:09

Ald-skûtsjeskipper Lodewijk Meeter is ferstoarn. Hy waard op 23 maart 1915 yn Muntsjesyl berne. Meeter wie skipper, mar soarge der yn de jierren '50 ek foar dat it skûtsjesilen behâlden waard. Om de kosten foar partikuliere skippers te dekken waard mei troch Meeter in skeafûns ynsteld.

Yn 1970 en 1971 waard Lodewijk Meeter SKS-kampioen. Syn pakesizzer Lodewyk sit no op it Huzumer Skûtsje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)