Fytser ferwûne yn Ljouwert

02 nov 2006 - 11:59
Foto: Omrop Fryslân

In Ljouwerter (40) is woansdeitejûn ferwûne rekke by in oanriding yn syn wenplak. It hat nei alle gedachten op it Suderplein troch read riden. Hy rekke dêr ûnder de auto.

De man is mei ferwûnings nei it sikehûs oerbrocht. Nei behanneling koe er wer fuort. De plysje naam de man mei nei it buro om foar in alkoholtest te blazen. Hy hie yndie te folle dronken. Sadwaande krige de Ljouwerter in proses-ferbaal.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)