Jonge út baarnend flatsje rêden

02 nov 2006 - 10:36

De plysje hat woansdeitejûn in 17-jierrige jonge út in baarnende flatwente yn Boalsert helle. It appartemint stie fol mei reek nei't de flam yn 'e panne slein wie.

Om't net dúdlik wie oft der noch minsken yn wiene, sloech de plysje in rút yn. Yn de wenkeamer lei de jonge, út 'e tiid. Bûtendoar kaam it slachtoffer by. Ambulânsepersoniel hat de jonge behannele. De brânwacht hat it fjoer útmakke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)