Drachten makket superkompjûter

© Omrop Fryslân
Yn Drachten wurdt in nije autokompjûter ûntwikkele dy't alle apparatuer fan radio oant navigaasjesystemen farfange kin. It giet om de Mobikom dy't makke wurdt by De Jong Technyk. Der wurdt in aparte BV foar de Mobikom oprjochte, mei deselde namme.
De provinsje Fryslân stekt goed 150.000 euro yn de ûntwikkeling fan de autokompjûter. It jild komt út in ynnovaasjepotsje.