Undersyk nei eigner hynders

© Omrop Fryslân
De plysje stelt in strafrjochtlik ûndersyk yn nei de eigners fan de goed 100 hynders dy't driigje te ferdrinken by Marrum. Oant no ta hawwe 15 hynders it net helle. De brânwacht hat mei dûkers al 20 lytse hynders mei boatsjes fan it stikje grûn helle.
In groep fan goed 100 hynders stiet noch op it stik grûn dat ek ûnder driget te rinnen. Der wurdt besjoen oft dizze bisten rêden wurde kinne mei in ponton fan it leger.