Ryksjild frege foar heroïneproef

© Omrop Fryslân
It Ryk moat ekstra subsydzje jaan foar it ekspirimint om ferslaafden op medyske yndikaasje heroïne te jaan. De gemeente Ljouwert hat dêroer mei alve oare gemeenten in brief stjoerd nei it kabinet. At der gjin ekstra Ryksjild komt, dan driigje de gemeenten nei 1 jannewaris 2008 wer op te hâlden mei it ekspirimint.
Yn Ljouwert is krekt besletten om it behannelsintrum foar heroïne yn in âld skoalgebou te festigjen op it Vliet.