Ritsma hat wer nij team

Rintje Ritsma hat wer in nij team. Mei sprinter Gerard van Velde en trainer Ronnie Nijman komt de Lemster yn in team mei as sponsor Blauwestad. Dy sponsor jout Ritsma no ek al de kâns om diel te nimmen oan de maratonwedstriden.
Takom wykein wurdt foar Ritsma belangryk. Dan binne de Nederlânske Kampioenskippen ôfstannen dêr't er him pleatse kin foar de wrâldbeker- wedstriden.