Heech wetter: ekstra tafersjoch

© Omrop Fryslân
It Wetterskip sil tiisdeitenacht mooglik ekstra tafersjoch hâlde op de seediken. Tusken fjouwer oere en healwei fiven sil it wetter by Harns trije meter heger wêze as gewoanwei. Dat komt om't it needwaar wurde sil en it ek noch floed is.
By Swarte Haan wurdt ek al wikenlang ekstra kontrolearre, om't de diken dêr min binne. Mocht it út de hân rinne dan hat it Wetterskip de sânsakken achter de hân.