Jong Cambuur wint fan AGOVV

© Omrop Fryslân
De beloften fan Cambuur hawwe sneontejûn yn de earste divyzje B de útwedstriid tsjin AGOVV út Apeldoorn mei 4-2 wûn. By it skoft stiene de mannen fan trainer Gerrie Schouwenaar noch mei 1-0 achter. Mar nei de tee makken de Ljouwerters gau dien wurk mei de tsjinstanner.
De doelpunten fan Cambuur waarden makke troch Shultan Axwijk (twa kear), Tarek Hashemi en Manou Francisko.