Jong Hearrenfean wint al wer

© Omrop Fryslân
De beloften van SC Hearrenfean hawwe moandeitejûn yn Nijmegen mei 2-1 wûn fan NEC. De doelpunten kamen op namme fan Geert Arend Roorda en de Kanadees Wil Johnson.
Hearrenfean giet nei de oerwinning noch hieltyd fier oan kop yn de reserve-earedyvyzje mei 7 punten foarsprong op de nûmer twa RKC út Waalwijk. Nije wike stiet de topper tsjin RKC op it program.