Pranjic falt bûten seleksje

31 okt 2006 - 11:42

Danijel Pranjic is net oproppen troch bûnscoach Slaven Bilic foar it EK- kwalifikaasjeduel tsjin Israel. Dy wedstriid wurdt oer twa wiken spile yn Tel Aviv. In moanne ferlyn wie de Hearrenfeanspiler noch wol fan de partij doe't Kroaasje it opnaam tsjin Ingelân en Andorra. Abdelkarim Kissi krige wol in útnoeging foar de oefenwedstriid fan Marokko tsjin Gabon. Dy wedstriid wurdt op 15 novimber ôfwurke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)