Sân oanhâldings op 'e Gordyk

© Omrop Fryslân
De plysje hat op in neijiersmerk op 'e Gordyk sân man oanholden. By fjochterij tusken ferskate persoanen hie in Gordykster (21) in oare man delslein. Dy rekke ferwûne oan 'e holle. De plysje woe de fertochte oanhâlde, mar dat waard ferhindere troch in man dy't ek oanhâlden waard.
Mei ekstra plysje-ynset koene omstanners op ôfstan hâlden wurde. Letter binne noch fiif man oanhâlden by in pear lytse fjochtpartijen.