Jild foar gouden tip saak-Ooms

31 okt 2006 - 10:25

It Iepenbier Ministearje jout 20.000 euro foar de gouden tip yn de moard op Marinus Ooms út Haulerwyk. De saak komt tiisdei op televyzje yn Plysjepost op Omrop Fryslân en yn Opsporing Verzocht op Nederlân 1. Elk dy't helderheid jaan kin, wurdt oproppen him by de plysje te melden.

Yn beide programma's wurdt in sfearbyld fan de persoan Ooms en syn libbenswize nei foaren brocht. De opnames binne ôfrûne freed makke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)