Stimmasines ôfkard

Minsken yn Frjentsjerteradiel en op Flylân kinne net mei de masine stimme op 22 novimber. Yn dy gemeenten binne de stimmasines ôfkard om't maklik te achterheljen is wat stimd is. In alternatyf foar de lanlike ferkiezings ha de beide gemeenten noch net.
Lanlik ha 35 gemeenten dit probleem. Op in byienkomst yn Den Haach wurde se tiisdei ynformearre oer de stân fan saken. Sa'n tsien prosint fan alle stimmasines yn Nederlân binne ôfkard.