'Skaf toeristebelesting ôf'

30 okt 2006 - 14:28

De toeristebelesting moat ôfskaft wurde. Dat fynt de organisaasje fan rekreaasje-ûndernimmers, de Recron. Hotels en kampings berekkenje faak tefolle toeristebelesting. Om te hege tariven foar te kommen, kin de belesting mar better hielendal ôfskaft wurde.

Yn Ljouwert is de toeristebelesting 55 eurosinten, mar guon hotels bringe har klanten fjouwer kear sa folle yn rekken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)