Mir en Remon spylje foar pardon

Sjongeres Mir en rapper Remon de Jong spylje sneon yn Den Haach by in manifestaasje foar minslik asylbelied. Op de manifestaasje wurdt op 'e nij om in generaal pardon frege foar asylsikers dy't al lang yn Nederlân binne. Dat wurdt dien mei it each op de kommende ferkiezings foar de Twadde Keamer.
De manifestaasje wurdt organisearre troch ferskate organisaasjes, wêrûnder Vluchtelingencordon Friesland.