Nynke Klopstra hâldt op mei judo

30 okt 2006 - 14:05

Nynke Klopstra hâldt op mei judo. De 33-jierrige Friezinne, berne yn Gytsjerk, hat te folle lêst fan allerhanne blessueres. Op dit stuit hat se lêst fan it skouderkapsel.

Nynke Klopstra waard seis kear kampioene fan Nederlân yn de klasse oant 48 kilogram. Yn 2004 waard se tredde op 'e Europeeske kampioenskippen yn Boekarest.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)