Soad animo foar Frysk Museum

30 okt 2006 - 13:56

De jubileumwiken fan it Frysk Museum ha de ôfrûne twa wiken hast 10.000 besikers lutsen. It museum yn Ljouwert bestiet 125 jier. De tagong wie fergees en der wiene feestlike aktiviteiten. Op de slotdei, snein, spile Piter Wilkens mei it Ricciotti Ensemble. Dêr wienen 1500 minsken.

Troch de grutte belangstelling foar de jubileumwiken hat it museum dit jier al folle mear besikers hân as ferline jier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)