Gearwurking Ingelsk ûnderwiis

30 okt 2006 - 12:56

Trije skoallen yn Fryslân, dy't in diel fan har ûnderwiis yn de Ingelske taal fersoargje, sille gearwurkje. It giet om it Marne College yn Boalsert en de skoalmienskippen Liudger yn Drachten en Piter Jelles yn Ljouwert.

Op dy skoallen krije VWO-learlingen de helte fan de tiid yn it Ingelsk les. Doel fan de gearwurking is de kwaliteit fan it ûnderwiis yn it Ingels te ferheegjen. Fierder kinne de dosinten ûnderfiningen útwikselje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)