Mishanneling by iishockey

© Omrop Fryslân
In iishockeyspiler (16) út Wijchen en syn begelieder (30) binne snein yn Thialf oanhâlden. Se wurde fertocht fan mishanneling fan twa minsken.
De spiler waard nei in ynsidint troch de skiedsrjochter fuortstjoerd. Hy krige spul mei in meiwurker fan Thialf. Dy waard troch de begelieder slein. De begelieder drukte ek in frou (70) op de tribune tusken de stuollen. De slachtoffers ha oanjefte dien. De fertochten ha in proses-ferbaal krigen.