Zonderland 7de yn Stuttgart

29 okt 2006 - 17:49
Foto: Omrop Fryslân

Epke Zonderland fan De Lemmer is snein by de wrâldbekerwedstriden turnjen yn Stuttgart as sande einige op it ûnderdiel rekstok. Zonderland kaam op 14.600 punten. De Sloveen Aljaz Pegan wûn it ûnderdiel mei 16.025 punten.

Yn 'e kwalifikaasje wie Zonderland as achtste einige mei 15.000 punten.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)