Haulerwykster oppakt nei klappen

29 okt 2006 - 16:28

In Haulerwykster (32) is snein oanhâlden op fertinking fan it slaan fan in doarpsgenoat. De man soe in oare Haulerwykster (32) sûnder oanlieding op 'e holle slein hawwe.

Yn Wolvegea waarden trije jonges, ien fan 16 en twa fan 18, oanhâlden foar it mishanneljen fan twa Grinzers. Ien fan 'e slachtoffers (23) ferlear dêrby in stikje fan syn foartosken. Yn Snits krige in Warkumer (20) klappen. Hy moast foar behanneling nei it sikehûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)