Piebe Bakker Award nei Oosterman

29 okt 2006 - 16:21

Danny Oosterman út Aarlanderveen hat sneontejûn yn De Lawei yn Drachten de earste Piebe Bakker Award krigen. De Piebe Bakker Award is in inisjatyf fan de Nederlânske federaasje fan kristlike muzykbûnen en wurdt ien kear yn 'e twa jier útrikt oan immen dy't him tige ynset foar de fanfare-muzyk.

Oosterman is ûnder oare dirigint fan it nasjonaal Jeugd Fanfare Orkest. Yn dy funksje wie Oosterman de opfolger fan Piebe Bakker.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)