Opskuor nei stellerij drank

29 okt 2006 - 15:59

Winkeldieverij soarge sneon foar opskuor op 'e Westerein. De plysje woe in famke (20) oanhâlde foar it meinimmen fan twa fleskes drank út in winkel. Har freondinne (17) woe dat net lije en socht de konfrontaasje mei de plysje. Sy krige hjirby help fan omstanners. Op it lêst hie de plysje spul mei in groep fan 20 minsken.

It famke fan 20 hie neat mei de saak te krijen, mar har freondinne en in omstanner (22) krigen proses-ferbaal.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)