Soad animo foar bou-opliedings

© Omrop Fryslân
Hieltiid mear jongeren yn Fryslân begjinne mei in oplieding yn de bou. De gearwurking tusken de bedriuwen yn de bou en de opliedingsskoallen yn it projekt 'Bouwen aan de bouw' hat dêrmei fertuten dien. Der binne foar de opliedings timmerjen en mitseljen mar leafst 30 % mear oanmeldings.
Ek it tal learlingen by de opliedings op VMBO-nivo is omheech gien. 'Bouwen aan de bouw' wie nedich om wat oan it personielstekoart te dwaan.