Sinjaal omrop wer nei Smilde

Fan tiisdei 31 oktober ôf sil Omrop Fryslân radio wer tydlik útstjoere fanôf de stjoermêst yn it Drintse Smilde. De Nozema wurket dan oan de bou fan in nij antinnesysteem foar de omrop op de mêst yn Jirnsum. Dizze put sil likernôch twa moanne duorje.
Yn 2003 hat de ferhuzing nei Smilde foar in soad klachten soarge, omdat de ûntfangst fan 'e omrop doe striemin wie yn Noardwest-Fryslân. De frekwinsje bliuwt gelyk: FM 92.2.