De Haan presintearret boek & dvd

29 okt 2006 - 12:45

Bûnscoach Foppe de Haan fan Jong Oranje hat sneon yn it Abe Lenstra Stadion op it Hearrenfean it boek en de dvd's presintearre, dêr't er syn treningsmetoades yn útleit. Yn it materiaal fertelt De Haan oer taktyk, technyk, trening en teambuilding.

Boek en dvd's binne yn it foarste plak bedoeld foar fuotbaltreners. De coaches Gertjan Verbeek fan Hearrenfean en Henk ten Cate fan Ajax krigen sneon de earste eksimplaren.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)