Hearrenfean ferliest fan Ajax
SC Hearrenfean ferlear sneontejûn mei 2-0 fan koprinner Ajax. Yn it Abe Lenstra stadion koe de thúsploech de Amsterdammers it earste kertier byhâlde. Dêrnei wie it krekt of doarde Hearrenfean net mear.
Tom de Mul sette Ajax yn de earste helte nei in moaie oanfal op foarsprong. Yn de twadde helte skeat Wesley Sneijder in frije traap achter Hearrenfean-keeper Brian Vandenbussche.