Takomst Fryske sauna ûnwis

© Omrop Fryslân
It bedriuw Allspa út Dordrecht is it rjocht om as earste de Fryske Sauna yn Froubuorren te keapjen kwyt. De eigners fan de sauna fine dat de keap te lang duorret. Sy steane no iepen foar oare keapers.
Allspa makke yn jannewaris bekend dat se in yn Froubuert in kueroard mei soarchhotel realisearje wolle. Moaie plannen, mar oant no ta binne dy plannen noch net konkreet, seit Jolanda Numans fan de Fryske Sauna.