'MCL is brânfeilich'

27 okt 2006 - 13:40

Sikehûs MCL yn Ljouwert is brânfeilich. Dat seit Douwe de Vries, haad fasilitêre saken fan it MCL. De Vries seit dat nei oanlieding fan in ûndersyk fan it tv-programma Netwerk.

Ut dat ûndersyk docht bliken dat sân fan de tsien ûndersochte sikehuzen yn Nederlân net brânfeilich binne. Dêrnjonken hawwe in hiel soad sikehuzen formeel gjin fergunning foar it brûken fan it sikehûs. Dat jildt ek foar it MCL.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)