'Twibaksmerk moat ferkearslij'

27 okt 2006 - 13:27

De gemeente Ljouwert wol de Twibaksmerk, Turfmerk en Drúfstreek yn Ljouwert ferkearslij meitsje. Oan dy dyk stean ûnder oare de gebouwen fan it Fries Museum, it provinsjehûs en tal fan restaurants.

Dat stiet te lêzen yn it masterplan dat makke is foar it gebiet. Dat wurdt op 31 oktober bepraat yn in ekstra kommisjegearkomste. Dan wurdt ek praat oer de takomst fan de museumgebouwen en ferbou fan it provinsjehûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)