Gefaarlike pleats yn Warkum

In pleats oan de Algerabuorren yn Warkum is in gefaar foar de feiligens. Dat seit de gemeente Nijefurd. It gebou is net goed ûnderhâlden en de kâns dat ûnderdielen fan it hûs loskomme en nei ûnderen falle, is grut.
Dat is gefaarlik, want it gebou stiet deun tsjin de trochgeande dyk oan. De eigners ha fan de gemeente fjouwer wike de tiid krigen om de loshingjende parten goed te befestigjen. Oars sil de gemeente it wurk sels útfiere.