56 ideeën Fryske Fiersichten

© Omrop Fryslân
De teller stiet by it projekt Fryske Fiersichten no op 56 konkrete ideeën foar de takomst fan Fryslân en de ferwachting is dat it der wol mear as hûndert wurde sille. De measte projekten binne sammele op gearkomsten foar eksperts en gewoane boargers.
In tredde fan de ideeën komt direkt fia de webside binnen. Oft der ek hiele frjemde projekten by sitte, wol projektlieder Arnold Guikema fan Fryske Fiersichten net sizze.