Tsjerke net yn IIsherberch

26 okt 2006 - 15:09

De oankeap fan teater De Iisherberch yn Dokkum troch de protestânske tsjerkemienskip Dokkum/Ealsum/Wetsens is foarearst fan 'e baan. Dat komt troch in proseduele flater.

De oankundiging fan de oankeap hie twa kear yn 'e tsjerke ôfkundige wurde moatten. Dat is mar ien kear bard. Dêrmei binne de tsjerkeleden net goed genôch ynformearre oer de plannen. Wat de fierdere gefolgen binne fan dizze flater is noch het dúdlik.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)