Korbach trainer Harkemase Boys

26 okt 2006 - 14:56

Fritz Korbach wurdt de nije trainer fan Harkemase Boys. Dat hat de foarsitter fan Harkemase Boys, Pieter Spinder, tongersdei sein. De âld- trainer fan ûnder oaren Cambuur en Sportklup Hearrenfean is de opfolger fan Pieter Bijl, dy't woansdei dien krigen hat.

Korbach wie ferline jier noch trainer by in klup út Yndonesië en siet dêrnei sûnder klup. Hy makket it seizoen by de Harekiten no ôf.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)