Frou fertocht fan ûntucht

26 okt 2006 - 14:21

In 46-jierrige frou út Frjentsjer wurdt fertocht fan ûntucht mei har soantsje (7). Ek soe de frou neffens it OM sigaretten op it jonkje útdrukt ha en mei in honkbalkneppel slein ha. De heit fan it jonkje is ek fertochte.

De heit en mem binne net mear by elkoar. Advokaat Martin van Rooij seit dat de frou de beskuldigings ûntkent. It bern is nei in fersyk fan Bureau Jeugdzorg út 'e hûs pleatst. De advokaat wit net wêrom.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)