Groeneveld listlûker GrienLinks

Irona Groeneveld (40) fan Burgum wurdt listlûker foar Grien Links by de steateferkiezings yn maart 2007. Sy stiet op it earste plak op de advys- kandidatelist.
De leden fan de partij moatte der begjin desimber noch oer stimme. Fraksjefoarsitter fan no Theo van der Bles stiet op it twadde plak, folge troch riedslid Renze van der Honing fan It Hearrenfean. GrienLinks hat no trije sitten yn Provinsjale Steaten.