'Boer hâldt him net oan regels'

26 okt 2006 - 10:39

Nijefurd wol in boer ûnder Molkwar oanpakke omdat syn bedriuw net oan de miljeufoarskriften foldwaan soe. De boer oan de Noardermar moat 8,5 tûzen euro betelje as er in seekontainer op syn hiem net gau fuorthellet. Ek moat hy de dongopslach oanpasse.

De boer hat twa wike de tiid om beswier te meitsjen. Neffens de feehâlder is de oanskriuwing net nedich. De winske oanpassing fan it bedriuw is al fierhinne klear.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)