Peazumer skilder 4de fan Europa

© Omrop Fryslân
Louwrens Wagenaar út Peazens is ien fan de bêste hússkilders fan Europa. Hy die koartlyn mei oan de Europeeske Kampioenskippen skilderjen yn Tsjechië en waard fjirde. Wagenaar is 18 jier âld en ek al Nederlânsk Kampioen.
De EK-wedstriden bestiene ûnder mear út in opdracht foar it skilderwurk fan in doar, it doarkezyn, it oanbringen fan patroanbehang, kleurminge en it skilderjen fan kleurbanen. Takom jier wol Wagenaar wer meidwaan.