The Queen iepenet Filmfestival

25 okt 2006 - 21:05

Mei de Ingelske film The Queen wurdt woansdei 8 novimber it Noardelijk Filmfestival iepene. Meiïnoar wurde der goed 60 films toand, mar net allinnich yn Ljouwert. Foar it earst wurdt der gearwurke mei de organisaasje fan Oerol op Skylge.

Op it eilân wurde foar in part deselde films toand as yn Ljouwert. Dêrneist is der spesjaal omtinken foar films oer it eilân. It festival wurdt dit jier foar de 28ste kear hâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)