Iepen dei KNSB goed besocht

25 okt 2006 - 17:29

Mear as 4000 minsken besochten woansdei de iepen dei fan reedrydbûn KNSB yn iisstadion Thialf op It Hearrenfean. It wie de earste kear dat it reedrydbûn it seizoen op dizze wize iepene.

De middei bestie út in presintaasje fan alle topreedriders en tal fan demonstraasjes. Sa wie der in iepenbiere trening en in demonstraasje keunstdûnsjen op it iis mei Annamarie Thomas.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)