Jonge held (13) huldige

25 okt 2006 - 14:53

Yn it Kameleondoarp yn Terherne is woansdei de 13-jierrige Ids Jelle de Jong fan Akkrum huldige. Ids Jelle hat twa jier lyn syn plakgenoat, de hear Tuttel, fan de ferdrinkingsdea rêden, doe't er mei syn scootmobyl yn it wetter telâne kaam.

Boargemaster Schadd fan Boarnsterhim en it Carnegie heldefûns ha de held woansdei yn it sintsje setten. Ids Jelle krige foar syn rêdingsaksje in oarkunde en kadobonnen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)