Brânwachtoefening yn Sweden

25 okt 2006 - 13:11

Sa'n 25 befelfierders fan de brânwacht Fryslân sille yn maart takom jier nei Sweden om mei te dwaan oan in grutte oefening. Op in grut oefenterrein sille ferskate brânsituaasjes neispile wurde.

Foar de oefenings wurdt útwykt nei Sweden om't dêr de miljeuregels minder strang binne as yn Nederlân. Strange regels hjir soargje derfoar dat net altyd alle oefenings dien wurde meie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)