Noarderling wol jierdei oerslaan

© Omrop Fryslân
Minsken út Noard-Nederlân slaan har eigen jierdei it leafst oer. Dat is ien fan de opmerklikste konklúzjes fan in ûndersyk dat it buro TNS NIPO yn opdracht fan meubelgigant Ikea dien hat.
Mar leafst 62% fan de Noarderlingen hat problemen mei it fieren fan de eigen jierdei. Ikea hat it ûndersyk dwaan litten om te sjen hokker oankeapen minsken dogge ûnder druk fan har omjouwing, saneamde sosjale druk.