Tekoart foar soarch SW-Fryslân

De acht gemeenten yn Súdwest-Fryslân krije takom jier fierstente min jild fan it Ryk om de húshâldlike soarch yn de gemeenten te regeljen. Dat tekoart kin wol oprinne oant 1,3 miljoen euro.
Neffens de ôfspraken dy't makke binne yn it ramt fan de Wet Maatskiplike Understeuning, WMO, binne gemeenten takom jier sels ferantwurdlik foar de thússoarch. Dêrfoar krije se jild fan it Ryk. Mar dat bedrach is yn Súdwest-Fryslân dus te min.