Unike munten foar iistidemuseum

25 okt 2006 - 10:45

It iistidemuseum yn Bûtenpost hat tydlik de beskikking krigen oer in unike kolleksje munten. It giet om in achttal grutte sulveren skellingen, dy't eigendom binne fan Cornelis Poortinga út Kollum.

De skellingen binne ein foarich jier fûn yn it miedegebiet súdlik fan Twizel. Dêr wurdt op it stuit wurke oan in lânynrjochtingsprojekt. De munten datearje út de 16e en 17e ieu en binne yn Nederlân en Dútslân slein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)