Dupearren socht fan ynbraken

Twa jonges fan 14 en 15 dy't tiisdei yn Noardwâlde oanhâlden binne foar ynslûping, ha op folle mear plakken yn wenningen ynbrutsen. De plysje wol graach kontakt mei minsken dy't tinke dat de jonges by har binnen west ha.
Ien fan de jonges hat by de plysje bekend dat er tegearre mei oare jonges by âldereinwenningen yn Drachten guod weinaam hat. Se kamen mei in smoesje binnen. Der is noch gjin oanjefte dien troch dupearren.