Utwreiding haven Harns kin noch

De bûtendykse útwreiding fan de haven fan Harns is noch hieltyd mooglik. Dat docht bliken út de behanneling fan de planologyske kearnbeslissing fan de Waadsee, de PKB Waadsee, yn de Twadde Keamer tiisdei.
In mearderheid fan de Keamer wol noch gjin streek helje troch de útwreiding rjochting de Waadsee. Dat yn tsjinstelling ta minister Winsemius fan Vrom, dy't in grut tsjinstanner is. Tiisdei wurdt der stimd oer de PKB.