IIshockeyer Korthuis nei Tijgers

© Omrop Fryslân
Iishockeyer Matt Korthuis ferhuzet nei de Amsterdam Tijgers. Ferline jier spile de oanfaller noch foar de Flyers. Dêr waard er mei 65 doelpunten yn 52 wedstriiden nûmer fiif op de topskutterslist fan de Flyers.
Korthuis hie oant no ta nearne in kontrakt, om't in proefperioade by de Italiaanske klub Merano op neat útrûn. De Nederlânsk ynternasjonal spile earder ek noch foar Nijmegen.